Selecteer een pagina

Wy sykje spilers!

Foar ús nije stik binne wy op syk nei minsken dy’t mei ús in bysûnder ferhaal ta libben bringe wolle.
It is net sa mar in stik: toanielferiening It Moat Kinne pakt grut út:
yn juny 2027 komme wy mei in iepenloftspul!

Wat it ferhaal is? Dat fertelle wy noch net.
Wol kinne wy al sizze dat it spannend wurdt…
en dat it stik noch nea earder op ‘e planken brocht is.

IN TIPKE FAN DE SLUIER?

It ferhaal spilet him ôf yn Nederlân.
Der is in soad jild mei muoid.
Der binne geheimen.
En ien persoan wurdt hiel wichtich…
Mear sizze wy noch net.

De audysjejûn is op tongersdei 22 oktober 2026,
om 19.30 oere.

PS: Dan meitsje wy ek de lokaasje foar it iepenloftspul bekind.

Liket it dy wat of wolst mear witte? Nim dan kontakt mei ús op fia de mail: ynfo@itmoatkinne.com as fia ús sosjale media.

Folgje ús op sosjale media

Folgje ús op Instagram en Facebook foar de lêste updates fan Toanielferiening It Moat Kinne. Wy sille jo op ‘e sosjale mediakanalen op ‘e hichte hâlde fan al it nijs en ûntwikkelingen om úse produksjes hinne. Sa bliuwe jo altyd op de hichte fan de lêste ynformaasje oer de foarstelling en mear. Mis neat en folgje ús!