Selecteer een pagina

Toanielferiening It Moat Kinne

Wy binne in gearwurking fan kreatyf talint út Broeksterwâld en De Falom, dy’t al jierren mei passy op it poadium stiet. Mei in ferskaat oan stikken, fan kluchten oant serieuze drama’s, nimme wy ús taskôgers mei nei ferskate wrâlden en ferhalen. Wy binne in ploech minsken mei ferskate talinten, mar ien ding hawwe wy gemien: leafde foar it toaniel en it ûntdekken fan nije ferhalen. 

 

Yn juny 2027 sil de feriening in bysûnder, nij stik op de planken bringe.
Dizze kear net yn Doarpshûs De Pipegael, mar earne oars…
Mar wêr? Dat hâlde wy noch efkes geheim!

Us frijwillichers

Sûnder ús geweldige groep frijwilligers soe ús toanielferiening net sa prachtich wêze. Harren tawijing, passy en ûnútputlike ynset meitsje elke foarstelling mooglik. Fan de talintfolle dekorbouwers dy’t magy op it toaniel kreëarje, oant de betûfte klaaisters dy’t elk detail perfeksjonearje. Fan de behendige kapper dy’t de personaazjes ta libben bringt, oant de technyske talinten dy’t soargje foar it perfekte lûd en ljocht.

Dat binne de echte helden efter de skermen, en harren bydrage fertsjinnet alle loft en erkenning. Want ek sûnder harren kin der gjin stik opfierd wurde!

Wy kinne binnen ús feriening altyd help brûke.
Wolle jo ús ek helpe? Nim dan kontakt mei ús op.

Alle spyldata ôflast:

ANNULEARE: freed 13 maart 2026

ANNULEARE: sneon 14 maart 2026

ANNULEARE: freed 20 maart 2026

ANNULEARE: sneon 21 maart 2026

Folgje ús op sosjale media

Facebook en Instagram

Folgje ús op Instagram en Facebook en bliuw op ’e hichte fan it lêste nijs fan Toanielferiening It Moat Kinne! Op ús sosjale mediakanalen diele wy nijs, updates en alles wat der spilet om ús produksjes hinne. Sa misse jo neat fan ús foarstellingen, nijs en oare leuke mominten. Folgje ús en belibje it mei!