EK sykje wy:
PR-frijwilligers!
Hâldsto fan toaniel, én fan kreatyf kommunisearjen? En bist digitaal in bytsje handich? Dan sykje wy dy!
As lid fan it PR-team helpst mei om ús feriening en foarstellingen ûnder de oandacht te bringen by publyk yn it doarp én (fier) dêr bûten!
Wat kinsto bygelyks dwaan?
📱Sosjale media & online oanwêzigens (it behear, it meitsjen en ynplanne fan ynhâld en reaksjes beantwurdzje)
🎟️Promoasjeaksjes betinke (en meitinke hoe’t wy mear minsken berikke kinne)
📰 Publisiteit en media (parseberjochten skriuwe, kontakt ûnderhâlde mei lokale media, koördinearjen fan ynterviews)
🖥️ Websidebehear (de webside by de tiid hâlde)
🎨 Foarmjouwing & promoasjemateriaal (posters, flyers en programmaboekjes ûntwerpe, fisyuele ynhâld meitsje foar sosjale media, meitsjes fan sponsorfilmkes en banner & yn guon gefallen: drukwurk regelje)
🧩 Lokale belutsenens & netwurk (gearwurkingen sykje mei pleatslike bedriuwen yn de foarm fan sponsoring)
Hast gjin PR-ûnderfining? Gjin probleem – as’t mar (digitaal) kreatyf bist en sin hast om mei te dwaan!
Liket it dy wat of wolst mear witte? Nim dan kontakt mei ús op fia de mail: ynfo@itmoatkinne.com as fia ús sosjale media.
Folgje ús op sosjale media
Facebook en Instagram
Folgje ús op Instagram en Facebook foar de lêste updates fan Toanielferiening It Moat Kinne. Wy sille jo op ‘e sosjale mediakanalen op ‘e hichte hâlde fan al it nijs en ûntwikkelingen om úse produksjes hinne. Sa bliuwe jo altyd op de hichte fan de lêste ynformaasje oer de foarstelling en mear. Mis neat en folgje ús!